Wer fernielings by Hofstee

29 des 2004 - 17:09

De stellerij en de fernielings by autodealer Hofstee yn Drachten binne noch hieltyd net oer. Hofstee pleatste nei de safolste fandalistyske aksje kamera's om herhelling foar te kommen.

Foar neat want fan 'e wike wie it wer raak. De ruten fan de saak binne yntrape en auto's binne bekrast. Neffens Hofstee wurdt de oerlêst feroarsake trochdat McDonald's flakby sit. Hofstee sil syn bedriuw no noch better befeiligje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)