Wer fernielings bungalowpark

20 jun 2009 - 13:45

De fernielings by bungalowpark Barradiel yn Tsjummearum gean noch hieltyd troch. Yn de nacht fan freed op sneon is de slachboom fernield. Earder waarden al ruten ynsmiten, picknicktafels yn stikken slein en in ûndergrûnse ôffalbak yn brân stutsen.

Earst hat eigner Gerard Postma gjin oanjefte dien om't er net woe dat de saak eskalearre. De fernielings rinne no lykwols folslein út de hân, sa seit er. Postma naam it park oer fan Ron van Booma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)