Wer ferlies Jong Hearrenfean

28 feb 2011 - 20:58

Jong Hearrenfean/Emmen hat opnij ferlern yn de beloftekompetysje. Op Woudestein yn Rotterdam wie jong Feyenoord/Excelsior mei 1-0 te sterk. Jong Hearrenfean spile ûnder oare mei Kenny Steppe, Gerry Koning, Arnold Kruiswijk en Philip Haglund.

It doelpunt fan de Rotterdammers yn de 80ste minút waard makke troch Luigi Bruins. Beide ploegen wiene oaninoar weage, mar spilen net geweldich. Jong Hearrenfean krige in pear bêste kânsen, mar it wol de lêste tiid net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)