Wer ferlies Jong Hearrenfean

30 aug 2010 - 20:57

Jong Hearrenfean/Emmen hat ek de twadde wedstriid ferlern. Yn Den Haach wûn Jong ADO moandeitejûn mei 3-1. De Feansters fan trainer Johnny Jansen, mei Djuric, Haglund en Fazli yn de basis, hiene it measte balbesit en de ploech krige ek genôch kânsen.

Nei de 0-0 healwei makke Antonia twa goals foar de thúsploech. Bjorn Jonsson brocht de spanning werom, mar yn de ekstra tiid sette Elbers de einstân op 3-1 foar Jong ADO Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)