Wer ferlies Harkemase Boys

26 mrt 2011 - 17:35

It is Harkemase Boys op 'e nij net slagge om in wedstryd te winnen. Sneon wie Katwijk mei 1-0 te sterk. Yn de 75ste minút skoarde Blonk foar de Katwikers. It is it fiifde ferlies op rige foar de ploech fan Peter Meindertsma.

Der wiene wol kânsen foar de Harkiten, fral foar rêst. Ek nei it doelpunt koe de Fryske topklasser noch skoare, mar út trije grutte kânsen foel gjin doelpunt. Harkemase Boys stiet op it stuit op in tsiende plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)