Wer ferlies Hajé Flyers

14 okt 2009 - 22:23
  • Keeper Magielse fan 'e Flyers baalt nei wer in goal fan Den Haach (foto Martin de Jong)

De Hajé Flyers ha woansdeitejûn foar de twadde kear dit seizoen yn de bekerkompetysje ferlern fan HYS Den Haach. De regearend kampioen fan Nederlân wie dizze kear mei 7-2 te sterk. De perioadestannen: 0-3, 1-2 en 1-2. Foar de Flyers wiene Paul Vincent en John Gordon de doelpuntemakkers. De Letse ferdediger Aleksandr Terjohins makke syn debút foar de Flyers.

De Hajé Flyers ha no acht punten út acht wedstriden. Dêrmei stiet de ploech op it sechsde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)