Wer ferlies froulju It Fean

15 okt 2009 - 22:55
  • De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe ek de twadde kompetysjewedstriid ferlern.

De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe ek de twadde kompetysjewedstriid ferlern. Willem II naam troch in 2-0 oerwinning de trije punten út Fryslân mei. Krekt foar it skoft kaam de ploech út Tilburch op foarsprong troch Kika van Es. Mauri van der Wetering joech krekt foar de ein de winst fan Willem II noch wat mear glâns: 0-2.

SC Hearrenfean is no de iennichste ploech mei nul punten. Boppedat hawwe de froulju noch gjin doelpunt makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)