Wer ferlies foar Harkiten

03 sep 2011 - 16:37
  • Pannekoek skoarde foar Harkemase Boys (foto's AWfoto.nl)
  • Keeper Jacob de Vries fan de Boys moast fjouwer kear fiskje

Harkemase Boys belibbet in minne seizoenstart yn de topklasse. Sneon ferlear de ploech fan Wieb Rodenhuis mei 4-2 fan GVVV yn Veenendaal. It wie de tredde ferliespartij op rige sadat Harkemase Boys no ien punt út fjouwer wedstriden hat.

Nei in kertier kaam de Fryske topklasser op efterstân en krekt foar rêst waard it 2-0. GVVV kaam dêrnei ek better út de klaaikeamer: 3-0. Dêrmei wie de wedstriid dien. Fryske goals kamen fan Schokker en Pannekoek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)