Wer ferlies foar Fryske Akademy

05 nov 2005 - 11:57

It giet finansjeel noch hieltiten min mei de Fryske Akademy. Oer 2004 hat de Akademy in ferlies draaid fan hast in heal miljoen euro, wylst rekkene wie op in tekoart fan 160.000 euro. De sifers steane yn it jierferslach oer 2004.

Om de begrutting rûn te krijen sil better sjoen wurde nei wat ûndersocht wurde moat. Ek wol de Akademy him mear rjochtsje op it dwaan fan ûndersyk fia ynternet en it tagonkliker meitsjen fan de eigen argiven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)