Wer ferlies foar Flyers

03 okt 2009 - 14:07

IIshockeyploech Hajé Flyers hat ek de tredde wedstriid yn de bekerkompetysje net wûn. Yn Den Haach waard mei 10-3 ferlern fan HYS The Hague.

De Feansters kamen yn 'e earste perioade troch Andrey Levitin noch wol op in 1-0 foarsprong. Nei ien minút wie de stân alwer lyk en wûn HYS de earste perioade mei 3-1. De twadde perioade waard ferlern mei 2-0. Yn de tredde perioade wie HYS baas op it iis. De twa oare goals foar de Flyers wiene fan Hendriks en Gordon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)