Wer ferlies foar Cambuur

06 des 2014 - 23:00

Cambuur ferlear sneontejûn foar de fjirde kear op rige in thúswedstriid. Tsjin it leech klassearre NAC Breda waard it 0-1. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 27e minút en kaam op name fan Erik Falkenburg. Cambuur hie grutte problemen mei de opbou fan achterút en de Ljouwerters krigen amper kânsen. Yn de twadde helte forsearre Cambuur wol acht korners, mar ek doe kamen der gjin grutte kânsen. Ek NAC Breda kaam oanfallend net ta opmerklike dieden. Hege ballen yn de 16 meter fan NAC brochten ek net de lykmakker en dus bleau it 0-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)