Wer ferlies foar Aris

05 des 2004 - 16:29

De basketballers fan Woon Aris lykje wat fan 'e roai. Nei de nederlaach tongersdei, waard der sneon op 'e nij ferlern. Dit kear wie koprinner Den Helder mei 88-105 te sterk. It wie de earste thúsnederlaach foar de Ljouwerter ploech.

Aris wist in pear kear in grutte efterstân yn te heljen, mar joech úteinlik dochs belies. Lamont Randolph wie topskoarer mei 25 punten. De ploech is no nei it fyfde plak sakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)