Wer ferlies Cambuur

30 jul 2009 - 21:59
  • Cambuur ferliest fan de Spaanske klup

Cambuur hat de lêste oefenwedstriid foar it begjin fan de kompetysje mei 5-0 ferlern Real Racing Club de Santander. De Spaanske klup út de Primera Division wie fierstente sterk foar de Ljouwerters.

By it skoft stienen de Spanjaarden al mei 3-0 foar. Sandor van der Heide spile yn de spits, mar dat wie gjin súkses. By Cambuur makke Nelson Wau syn debút. De ferdigener makke de folle 90 minuten fol. Cambuur begjint de kompetysje tsjin De Graafschap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)