Wer ferlies Cambuur

26 okt 2012 - 22:57

Cambuur ferlear freed de thúswedstriid tsjin koprinner MVV mei 3-1. De Ljouwerters begûnen striemin oan de wedstriid. Nei 1 minút en trije sekonden stie MVV al mei 1-0 foar troch in goal fan Schreurs. Yn de 13e minút sette Veldmate de ploech út Maastricht op in 2-0 foarsprong. Michiel Hemmen brocht Cambuur yn de 26e minút werom yn de wedstriid mei syn 9e kompetysjetreffer. Cambuur krige moaie kânsen, mar dy wienen freedtejûn net oan de oanfallers bestege. Mohammed El Makrini krige yn de 61e minút in reade kaart.

Ek mei tsien man wist Cambuur noch moaie kânsen te kreëaren, mar it siet allegear net mei. Yn de 76e minút smiet Smeets mei in moai skot de wedstriid op slot: 1-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)