Wer faksinaasje jonge famkes

16 mrt 2010 - 10:25
  • De GGD past de kampanje oan

De nije faksinaasjekampanje tsjin baarmoederhalskanker wurdt dit jier oars oanpakt as foarich jier. Famkes fan 12 jier kinne yn april trije prikken krije dy't harren beskermje moatte tsjin it saneamde HPV-firus dat baarmoederhalskanker feroarsaket. Goed 4000 famkes krije ynkoarten in oprop yn de bus. Foarich jier wie der in soad argewaasje oer de nije prik.

Tsjinstanners fûnen dat der net genôch dúdlikens wie oer de prik. Ek dokters en gynekologen hiene harren fragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)