Wer drugsfertochten oanhâlden

25 mrt 2013 - 15:47

De plysje hat moandeitemoarn twa ynwenners fan Kollum oanhâlden foar drugshannel. It giet om ynwenners fan 24 en 36 jier âld, dy't yn soft- en harddrugs hannelen. Harren oanhâlding makket diel út fan in grut ûndersyk nei de hannel yn softdrugs yn Noardeast-Fryslân.

Yn itselde ûndersyk binne al in 22-jierrige ynwenner fan De Harkema en in 23-jierrige frou út Droegeham oppakt. Beiden waarden troch de plysje oantroffen yn it hûs fan de frou. Dêr waarden ek drugs fûn, ûnder oare speed en GHB. De fjouwer fertochten sitten fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)