Wer DNA-ûndersyk saak-Vaatstra

19 des 2002 - 00:00

Der komt in nij frijwillich DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra. Dat hat it iepenbier ministearje tongersdei bekend makke. It ûndersyk giet dêrmei langer troch as de bedoeling wie. It duorret yn alle gefallen oant july.

It rezjerzjeteam fan 27 minsken giet op folle sterkte fierder. Noch net alle oanbefellings fan de second opinion- kommisje binne útfierd. Ek moatte der noch tips neilutsen en persoanen heard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)