Wer DNA-test yn saak-Vaatstra

30 des 2003 - 00:00

Twa Dútse manlju hawwe in DNA-test ûndergien fanwege de moard op Marianne Vaatstra. Justysje yn Ljouwert hat dat befestige. De manlju binne gjin fertochten, mar se kinne wol ynformaasje jaan om't se yn de buert wiene doe't de moard barde.

Bliken docht dat de Dútsers neat mei it misdriuw te krijen ha. Der binne noch mear minsken dy't justysje as ynteressant beskôget. Harren DNA wurdt mooglik ek ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)