Wer Club Q fertochte frij

24 jun 2010 - 11:03
  • Club Q

De 19-jierrige ynwenner út Damwâld, dy't noch fêstsiet omdat er mooglik wat te krijen hat mei de dea fan Redmar Smedema út Burgum, is troch justysje frijlitten. Redmar Smedema ferstoar heal april, neidat er belutsen wie by in fjochtpartij yn Club Q yn Noardburgum.

Neffens justysje is der gjin reden mear de Damwâldster langer fêst te hâlden, wol bliuwt er fertochte. In 18-jierrige ynwenner fan Damwâld, dy't ek noch fêstsiet, wurdt moarn frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)