Wer CAO-aksjes meiwurkers op Amelanner fearboat

15 maaie 2015 - 07:18
  • Wachtsjende passazjiers op de pier fan Nes

Minsken op It Amelân dy't freed nei de fêste wal geane moatte rekken hâlde mei fetragings. It personiel fan rederij Wagenborg fiert aksje foar in bettere CAO. De boat fan healwei tsienen sil mei grutte fertraging ôfsette fan it eilân. Op it parkearplak by de Amelanner pier komt in spesjale aksjetinte. Personiel fan Wagenborg dat meidocht oan de staking kin him dêr melde. It personiel giet yn staking, omdat se mear lean wolle no't se gjin ekstra jild mear krije foar wykeintsjinsten.

Doeksen
Ek by rederij Doeksen wurdt drige mei aksjes.

Fakbûn FNV hat de rederij in ultimatum steld. As Doeksen foar nije wike tiisdei 12.00 oere net yngiet op de cao-easken fan it bûn, dan folgje mooglik wurkûnderbrekkings en stakings. Doeksen seit yn in reaksje teloarsteld te wêzen oer it ultimatum. Neffens de rederij hat der amper sprake west fan oerlis. By Wagenborg wurdt kommende freedtemoarn al aksjefierd, ek fanwege it konflikt oer de cao.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)