Wer bytsje mear wurkleazen yn Fryslân

19 nov 2015 - 08:54
  • UWV

De wurkleazens yn Fryslân is yn oktober in bytsje omheech gien. Ein oktober telde Fryslân 17.351 WW-útkearingen. Dat is 5,2 persint fan de beropsbefolking. It oantal WW-útkearingen gie yn oktober mei 0,4 persint omheech.

Neffens it UWV liket de trend yn de WW fan foar de simmer fan minder wurkleazen te stagnearjen. Yn Grinslân en Drinte gie de wurkleazens yn de ôfrûne moanne wat nei ûnderen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)