Wer bussjauffeurs mishannele

17 jan 2010 - 13:59

Dit wykein binne der op 'e nij bussjauffeurs mishannele. Dit kear barde it op it busstasjon fan Dokkum. Dêr begûn in 31-jierrige Dokkumer samar op de ruten te slaan. Doe't twa sjauffeurs op de man ôfstapten gie hy hielendal troch it lint en begûn de sjauffeurs te slaan en te bedriigjen.

De plysje waard warskôge en dy hat de man meinaam. Hy soe ûnder ynfloed west hawwe fan drugs en drank. Beide sjauffeurs binne net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)