Wer brân by Haersmahûs

03 jan 2005 - 09:40

Der hat sneintemoarn wer brân west yn It Haersmahûs yn Ljouwert. De brân wie yn it wengedeelte, boppe it restaurant. De minsken dy't yn it gebou wiene, koene der op tiid útkomme. De brânwacht hie it fjoer frij gau ûnder kontrôle. De oarsaak is noch ûnbekend.

Aldjiersnacht wie der ek al brân by It Haersmahûs. Doe rûnen it restaurant en it bêdehûs fan Wielinga dêrneist skea op. De plysje gie der doe fanút dat in fjoerpylk de oarsaak wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)