Wer brân by bannebedriuw

07 jun 2008 - 08:30
  • Op'e nij steapel autobannen yn brân

Der hat yn de nacht fan freed op sneon foar de tredde kear yn koarte tiid brân west by Total Recycling Industries yn Ljouwert. Lykas de foarige kearen gong der in grutte steapel autobannen yn flammen op. Dêrtroch wie der in soad reek te sjen oant fier bûten Ljouwert.

De brânwacht moast alles op alles sette om de brân ûnder kontrôle te krijen. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend. Hoe grut de skea is moat ek noch útsocht wurde

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)