Wer botulisme yn Rengerspark

12 jun 2007 - 16:23
  • in slachtoffer fan botulisme

By it Rengerspark yn Ljouwert geane op 'e nij einen en oare wetterfûgels dea. Dat seit de feriening Rengerspark. Ferline jier foelen der ek al in soad slachtoffers troch botulisme.

Yn febrewaris hat de gemeente tasein dat der dit jier baggere wurde soe by it Rengerspark. Dat soe soargje moatte foar skjin wetter, mar it baggerwurk is noch altyd net útfierd en it botulisme is gewoan bleaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)