Wer boskbrân by Noardwâlde

06 maaie 2011 - 10:34

De brânwacht moast freedtemoarn foar de fjirde kear yn oardel wike útride foar in brân yn in natuergebiet by Noardwâlde. It giet om it bosk achter de Haenepole. De brânwacht wie der oant no ta alle kearen op 'e tiid by. Mar neffens harren soe it ek samar út de hân rinne kinne.

De kommandant fan de brânwacht yn Noardwâlde is der wis fan dat der sprake is fan brânstifting. De dieders binne jongeren dy't harren ferfele, neffens de kommandant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)