Wer blommen yn Princessehof

09 maaie 2012 - 17:15

Museum it Princessehof yn Ljouwert stiet mei it pinksterwykein fol mei mear as 3.000 blommen. De blommesee is ûnderdiel fan Blommehof, in eksposysje dy't ek yn de jierren '70 en '80 yn it museum organisearre waard. By de koarte útstalling steane de hal en de teeseal fol blommen en keramyk.

Tritich jier lyn helle it museum goeie besikersoantallen troch Blommehof en de hope is fansels dat it nei al dy tiid noch hieltyd in suksesformule is. Blommehof is te sjen fan 26 maaie oant 3 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)