Wer blauwe flagge minder

18 maaie 2006 - 17:22

Fryslân bliuwt noch hieltyd achter by it beheljen fan blauwe flaggen. In blauwe flagge is it ynternasjonale symboal foar skjinne strannen en jachthavens.

Fryslân krige yn 2005 njoggen flaggen, dit jier is it der wer ien minder. Trije strannen op it Amelân ha in blauwe flagge en fiif jachthavens, ûnder oare yn Warkum, Jirnsum en De Lemmer. Dat moatte der folle mear wurde, fynt de ANWB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)