Wêr bisto platina yn België

23 des 2000 - 13:04

Op 'e nij ynternasjonaal súkses foar it Fryske duo Twarres. It nûmer 'Wêr bisto' is yn België platina wurden. Dat bestjut dat der 50.000 eksimplaren fan ferkocht binne.

Twarres hat ien wike op ien stien yn België mar it nûmer wurdt noch in hiel soad draaid yn België. Neffens de Belgyske radio hat it ferske súkses fanwege it 'pittoreske' fan de Fryske taal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)