Wer bibliobus yn twa gemeenten

20 okt 2008 - 13:38
  • De bibliobus koe net mear brûkt wurde

Ynwenners fan Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel kinne fan moandei ôf wer boeken helje út de bibliobus. De foarsjenning drige yn gefaar te kommen, trochdat de bibliobus troch in ferkearsûngelok net mear te brûken wie.

De reparaasje soe noch al wat tiid kostje. Yn stee fan de kapotte bus rydt der no in spesjale Gelderske bibliobus út Arnhem op de rûtes yn de twa gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)