Wer beswieren tsjin ôffaloven

19 nov 2010 - 12:05

Tsjin de nije miljeufergunning foar de ôffaloven yn Harns binne fjouwer beswieren ynkaam by de Rie fan Steat. De provinsje hat Omrin in pear wike lyn wer in miljeufergunning jûn. De earste wie begjin dit jier ferneatige troch de Rie fan Steat.

De nije fergunning is in probleem foar de Waadferiening, de Stichting Afvaloven Nee en partikulieren. Se hawwe ûnder oare soargen oer de útstjit. De Rie fan Steat ferwachtet dat de saak begjin 2011 foarkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)