Wer basisplak foar Kums

28 sep 2012 - 18:38

Hearrenfeanspiler Sven Kums begjint kommende sneon yn de wedstriid tsjin NAC Breda wer yn de basis. De Belch wie syn basisplak efkes kwyt yn it lêste kompetysjeduel tsjin FC Twente, mar hy is der no wer by. Coach Marco van Basten begjint wer mei fiif spilers achteryn. Oussama Tannane docht net mei, hy is blessearre. Foaryn spylje no Djuricic en Finnbogason, mei dêrefter Kums, De Roon en Marecek.

Opstelling: Nordfeldt, Van Anholt, Gouweleeuw, Zomer, Kruiswijk, Raitala, Kums, De Roon, Marecek, Djuricic en Finnbogason.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)