Wer autobrannen yn Drachten

31 okt 2010 - 14:05
  • Yn Drachten wiene ek earder al autobrannen (foto: Jildert Postma)

Yn Drachten hawwe sneontenacht wer autobrannen west. De earste melding wie op de Geelgorsstrjitte. De auto wie iepenbrutsen en der wie brânber spul yn fûn. In oere letter kaam ek noch in melding fan in autobrân oan de Dwarswyk. De plysje hâldt op dat plak rekken mei in technyske steuring, mar slút brânstifting net út. De technyske resjerzje ûndersiket de brannen.

Earder fan 't jier wiene der ek al in tal autobrannen yn de wyk De Folgeren Drachten. De dieders binne net pakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)