Wer autobrân yn Drachten

22 sep 2010 - 09:47

Der is tiisdeitenacht op 'e nij in auto yn de brân stutsen op De Orion yn Drachten. It is al de fyfde brân yn in pear wiken tiid. In oplettende buertbewenner seach dat de auto yn de brân stie en warskôge de eigner. Dy koe it fjoer útmeitsje.

De plysje siket noch hieltyd nei minsken dy't ynformaasje ha oer de autobrannen. By de buertbewenners sit de skrik der goed yn. De plysje surveillearret al ekstra om de dieder of dieders te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)