Wer autobrân yn Drachten

14 sep 2010 - 10:21

Oan de Orion yn Drachten is ôfrûne nacht op 'e nij besocht in auto yn 'e brân te stekken. Dat barde om ien oere hinne. Buertbewenners seagen dat de foarkant fan in auto baarnde en sprutsen surveillearjende plysjes oan. It fjoer koe al gau útmakke wurde.

It is al de fjirde autobrân yn twa wike tiid oan de Orion yn Drachten. De plysje surveilleart dêr no ekstra om de dieder of dieders te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)