Wer auto yn brân yn Ljouwert

26 mrt 2014 - 12:09
  • Auto yn brân

De autobrân fan tiisdeitenacht yn de Christiaan Kerkhofstrjitte yn Ljouwert wie de fyfde yn koarte tiid yn de stêd. De nagelnije auto baarnde fan binnen folslein út. Moandei baarnde in auto út oan de Heliconwei en yn de wiken dêrfoar baarnden auto's út yn de Trompstrjitte, de Karel Doormanstrjitte en de Siebe Schootstrastrjitte. De plysje lit fan alle brannen meunsters ûndersykje om te sjen oft der in mooglik ferbân tusken de brannen bestiet. Tsjûgen wurde frege har te melden as se wat sjoen ha of mear witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)