Wer ark stellen op carpoolplak

18 jul 2014 - 10:06
  • Autostellerij (argyffoto)

Op it carpoolplak by De Lemmer is tongersdei op 'e nij in auto iepenbrutsen. It giet om in bestelauto mei allerhanne ark. It slot waard út de doar fan de Peugeot Expert boarre. Ut de auto binne ferskate elektryske apparaten stellen.

De plysje warskôget eigeners fan bedriuwsauto's foar de carpoolplakken lâns de A6 en A7, dêr't gjin bewaking is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)