Wer alkoholfergiftiging Skylge

29 jul 2002 - 00:00

Op Skylge ha dit wykein wer twa jonges in alkoholfergiftiging oprûn. It totaal oantal gefallen fan alkoholfergiftiging yn de ôfrûne twa wike leit no op sân.

In jonge fan 18 jier is sneintenacht yn komateuze tastân mei in ekstra snelboat nei it sikehûs ta brocht. In oare jonge, fan 15, is freedtenacht behannele. Hy koe sneon wer nei syn âlden ta, dy't ek op it eilân binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)