Wer aksje tsjin opfang dakleazen

27 sep 2000 - 13:18

Mei in boaiemproseduere tsjin de gemeente Ljouwert wol it aksjekomitee de fêstiging fan de dak- en thúsleaze-opfang yn de Oranjewyk opkeare. It komitee is benaud dat de opfang oan de Sudergrêftswâl in protte oerlêst oplevert.

Neffens it komitee is der yn de wyk gjin draachflak. De gemeente hâldt meikoarten ynformaasjejûnen foar omwenjenden oer hoe't mooglike oerlêst bestriden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)