Wer aksje tsjin drugspost Fliet

17 des 2006 - 17:10

Inkelde tsientallen minsken ha sneon opnij aksje fierd tsjin de komst fan in heroïnepost oan it Fliet yn Ljouwert. De gemeenteried hat hjirfoar jild beskikber steld, mar de beurtbewenners binne it net iens mei de komst fan de post foar ferslaafden.

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân soe sneon op besite by de heroïnepost yn Grins, mar de aksjefierders besochten har tsjin te hâlden. Nei wat opûnthâld koe de bus dochs nei Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)