Wer aksje tsjin drugsoerlêst

28 feb 2002 - 00:00

It Ljouwerter Aksjekomitee Drugsoerlêst (LAD), leit him net del by it fûnis fan de rjochter dat der in opfangadres foar dakleazen komme mei oan de Suder- grêftswâl. Neffens de rjochter hat de gemeente gjin fouten makke.

It LAD fynt dat it net genôch ynspraak hân hat by de tawizing fan de opfang, mar neffens de rjochter is dêr net op in goede wize beswier tsjin makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)