Wer aksje by Piter Jelles

12 okt 2005 - 17:01

Learlingen fan skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert hawwe woansdei opnij aksjefierd tsjin de minne lestroasters fan de skoalle. Moandei wie dat ek al it gefal. Op Piter Jelles Nijlân hat de skoalle koarte tiid ôfsletten west trochdat de stekken mei fytskettings tichtmakke wiene. Ek op Piter Jelles Montessori is aksjefierd; dêr stiene learlingen op it skoalplein.

Der binne al skoften softwareproblemen mei de lesroasters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)