Wer aksje foar Suderseeline

04 nov 2007 - 12:43

It aksjekomitee 'Hier trekken we de lijn' begjint moandei mei in nije protestaksje foar de oanlis fan de Suderseeline. Dat hat aksjefoarsitter Hans Haerkens sein. De aksje begjint moandei om tolve oere op de Grote Markt yn Grins.

Der wurdt ek aksje fierd yn Ljouwert en Den Haag. Wat de aksjes krekt ynhâlde, wol Haerkens noch net sizze. Woansdei beslút minister Eurlings oft de Suderseeline der al of net komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)