Wer aksje fan ûnderwiisbûn

18 feb 2011 - 12:05
  • (argyffoto)

It Algemiene Underwiisbûn sil op 'e nij aksje fiere tsjin de besunigings op it spesjaal ûnderwiis. Ferline wike wie al in aksje yn Nieuwegein. Dêr wiene ferskate bussen mei Friezen hinne. De aksje hat lykwols neat opsmiten en dêrom binne de nije aksjes hurder. Stakings wurde net útsluten.

Op 28 febrewaris is in grutte manifestaasje yn Amsterdam en op 2 maart steane aksjes pland by it kongres fan de ambulante soarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)