Wer akjes yn de soarch

16 mrt 2014 - 10:28

Soarchmeiwurkers komme tiisdei op twahûndert plakken yn it lân yn aksje foar in bettere CAO. Ien fan dy plakken is Snits. De aksjes binne yn ferpleech- en fersoargingshuzen en fariearje fan ien-minút-aksjes oant wurkûnderbrekkings fan in pear oeren. Dat hat Abvakabo FNV witte litten.

De ôfrûne moannen kamen soarchmeiwurkers ek al yn opstân. Yn desimber is mei in pear fakbûnen in CAO ôfsletten foar de soarch, mar dêr die Abvakabo FNV net oan mei. Neffens it bûn pakt it akkoart de grutte problemen yn de soarch lykas de wurkdruk, net oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)