Wer 5 jier easke foar misbrûk

07 aug 2014 - 17:21
  • It gerjochtshôf yn Ljouwert

It Iepenbier Ministearje hat yn heger berop ek fiif jier sel easke tsjin de 40-jierrige man dy't yn 2001 syn 11-jierrige styfdochter ferkrêfte hat. Earder dit jier waard de man al feroardiele ta fiif jier sel troch de rjochter, mar hy is yn heger berop gien tsjin syn straf.

De man hat syn styfdochter oardel jier lang misbrûkt. It famke fan De Westereen rekke yn ferwachting en krige yn 2002 in lytse poppe. De man naaide dêrnei út nei Tailân. Dêr waard er ein ferline jier oanhâlden. DNA-ûndersyk hat útwiisd dat de man de heit is fan de poppe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)