Wer 5-1 winst Jong Hearrenfean

19 aug 2013 - 21:51

Jong Hearrenfean hat ek de twadde wedstriid fan de beloftekompetysje mei 5-1 wûn. Op sportpark Skoatterwâld wie Jong FC Dordrecht dúdlik de mindere. Jong Hearrenfean ferlear ek, omdat keeper Brian Vandenbussche en ferdigener Joost van Aken nei harren botsing nei it sikehûs ôffierd waarden. Vandenbussche hat lêst fan de ribben, Van Aken in brutsen noas en in harsenskodding. De earste helte wie net bêst. Fahd Aktaou makke de Feanster goal. Nei it skoft gong it hurd. Menno Heerkes, Daniel Geissler (2) en útblinker Bilal Basacikoglu wiene tûk.

De botsing fan de twa Hearrenfeanspilers ûntstie by de iennichste treffer fan Jong FC Dordrecht. Noel Goossens soarge yn de 61e minút foar de 'earetreffer', Vandenbussche en Van Aken koene dy goal net foarkomme, mar koene ek net fierder spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)