Wer 4 doarpen foar tv-program

19 feb 2011 - 15:56

Holwert, Minnertsgea, Reduzum en Wytmarsum binne de folgjende fjouwer doarpen dy't selektearre binne foar Doch It Foar Dyn Doarp. De trekking wie sneontemiddei yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân op Omrop Fryslân.

Yn Doch It Foar Dyn Doarp jout de Omrop fiif kear in heal oere streekrjochte stjoertiid op televyzje oan trettjin doarpen. It doarp mei de orzjineelste live-tv-útstjoering wint 10.000 euro. De earste útstjoering is op 5 april, út Aldeholtpea wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)