Wer 2 Fryske Michelinstjerren

24 nov 2009 - 10:43
  • Frouckje State krige de stjer foar de twadde kear

De twa restaurants yn Fryslân mei in Michelinstjer meie dat predikaat ek kommend jier fiere. De Michelingids hat tiisdei in list presintearre mei restaurants dy't de prestisjeuze kulinêre ûnderskieding hawwe of krigen hawwe.

Sawol Frouckje State yn Ryptsjerk as De Koriander yn Drachten steane op dy list. De Koriander hat de stjer al jierren, Frouckje State sûnt ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)