Wenwyk wol net yn 't tsjuster

03 sep 2013 - 23:20

De Ljouwerter wenwyk Cammingabuorren kin him net fine yn it plan fan de gemeente om op de ferljochting yn de wenwyk te besparjen. Dat die tiisdeitejûn bliken op in ynfojûn yn de wyk. Ljouwert wol jierliks 75.000 euro besparje op enerzjy en ûnderhâld fan de ljochtmêsten. De gemeente telt yn totaal 20.000 lantearnepeallen. Yn de kommende wiken krije de bewenners fan de oare wenwiken de gelegenheid om op it plan te reagearen. Uteinlik moat de gemeenteried it beslút nimme. Foar Cammingabuorren betsjut dit dat der tsientallen ljochtmêsten ferdwine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)